• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Wês net bang

Yn it skaad fan oare minsken
kinst net groeie nei it ljocht.
Op it paad, dat oaren winskje,
kinst net bloeie op dyn tocht – op dyn tocht.

Nim, wat alle wurden sizze,
yn dy op en tink dan nei.
Lit ‘e leagens neist dy lizze,
nim de wierheid mei dy mei – mei dy mei.

Wês net bang dysels te wêzen,
om dyn eigen paad te gean.
Wês in blom tusken de gerzen,
Bliuw rjochtop en fleurich stean.

Harkje nei de stim fan ‘t herte.
Gean dyn eigenmakke spoar.
Moast de fuotten nea net sette
yn ‘e fuotprint fan in oar – fan in oar.

Sis dyn wurd en eigen miening
bliuw ienfâldich by de grûn.
Dyn talinten binn’ as liening,
troch de Skepper oan dy jûn - oan dy jûn!