• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Swalkers fan hjoed

De sinne komt op, de sinne giet ûnder
en alles giet mei, alles draait yn it rûn.
Wat sa gewoan is dat liket in wûnder,
mei koarden fan leafde is it libben ferbûn.

De wyn út it suden wei draait nei it noarden,
der is ek gjin ein oan wat komt en wat giet.
De wrâld hat har hel en har leaflike oarden
en al wat we witte is dat wat bestiet.

De stilte fan stjerren leit jûns op ‘e wrâld
mar wa wit er hjoed noch dat God fan ús hâldt?
Mei brekbere dreamen gean’ wy troch de dei.
Wêr binn’ de swalkers fan hjoed nei op wei?

Rivieren se streame nei seeën en marren
nea seit it wetter: ‘no wol ik net mear'.
Wy binne as boaten en moatte wol farre
en altyd foarút , want ‘e tiid nimt gjin kear.

En dat wat er wie, sil der altiten wêze.
It nije fan moarn dat wie eartiids al âld.
Wy sjogge yn in spegel, beslein binn’ de glêzen,
De sinne is waarm mar de moanne is kâld.