• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Sinneliet

Moaie sinne wy groetsje dy,
alles sil wer begjinne.
Reade wolken betsjoene my:
Wolkom goudene sinne!

Lyk as it libben begjint wer in dei,
kleurich en fleurich fan herte.
Alles wat komme sil, leit op ús wei,
blydskip en soargen foar letter.

Himel en ierde binn’ ivich ferbûn.
Goed is it ljocht fan ‘e sinne.
Moarnsread en jûnsoeren wurde ús jûn.
Want oeral is Ljocht –
Oeral is Ljocht om ús hinne!

Moarns giet it libben noch boartsjendewei,
moarns sil de sinne net stekke.
Wille en dreamen se nimme ús mei,
feilich as ûnder in tekken.

Sjoch de sinne sa read en jong
seingjet ús mei waarme strielen.
Glorieus is syn ommegong,
dauwe blinkt as juwielen.

Jûns stiet ‘e sinne noch ien kear yn fjoer.
Sêft sil de kime him drage.
Dan giet er ûnder, it boartsjen is oer,
wurch is de âlde fan dagen.

Lyk as de sinne sa skine ek wy.
Eltsenien is in wûnder.
Mar nei de omrin, by kanteljend tij,
geane wy glânzjend wer ûnder.