• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Oer de brêge

As ik nei myn libben sjoch wat ik wurden bin en doch,
fiel ik my in gast yn dizze wrâld, der't ik hiel myn hert fan hâld.
Doe't ik kaam wie alles ljocht, leafde fûn my op myn tocht.
Alles wat ik ha is liend en jûn, oan 'e loft en ierde bin ik bûn.

Ik freegje stil en dimmen dy, as ik oer de brêge gean:
Lit de moanne oan de himel stean.
Dan sjoch ik wat myn hert al wist,
datsto altyd by my bist
as ik ienris oer de brêge gean.
Hâld my fêst en bliuw by my –
Jou my rêst – ik leau yn dy!

Nei de wille fan de dei,
komt jûns let de minne wei.
Minsken dy ‘t ik dan sa lang al mis,
leare my wat leafde is.
Libj’ is al mar fierder gean.
Tiden bliuwe nea net stean .
Nei de dei rin ik it tsjuster yn,
mei in hert fol ljocht en sinneskyn.