• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Jûntiid

De lûden fan ‘e drokke dei
binn’ stadichoan ferstomme.
De stilte siket no har wei.
De wrâld leit yn ‘e slomme.

De stjerren weitsje heech oer ús.
De moanne wevet dreamen.
Myn siel komt yn ‘e jûntiid thús,
ik lit myn tinzen streame.

Want as ik nei de himel sjoch,
dat stille ljocht fan frede,
dan wit ik: wat ik bin en doch,
is jefte en genede.

Ik bin mar lyts, mar de wrâld is grut,
de himel net te mjitten.
Mar stilte treastet sûnder wurd
wa’t yn it tsjuster sitte.

Al stean ik iensum yn ‘e nacht,
mei boppe my de stjerren,
ik wit my droegen troch in Macht.
Al swijend kin ‘k Him hearre.

Ik bin in minske fan ‘e dei,
mar as de stjerren skine,
dan sil ik mei Him wis de wei
nei ljocht en moarntiid fine.
Dan sil ik mei Him wis de wei
nei ljocht en moarntiid fine.