• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

In psalm

Ik gean myn wei bedimmen, myn hert sit my net heech
Ik ha gjin lûde stimme en achtsje nimmen leech.
Ik ha gjin lûde stimme en achtsje nimmen leech.

Ik pronkje net mei wurden of fearren fan in oar.
Lit my mar stil gewurde op wegen sûnder spoar.
Lit my mar stil gewurde op wegen sûnder spoar.

Al haw ik op myn fragen gjin passend antwurd fûn,
dochs fyn ik alle dagen, de frede fan ‘e jûn.
Dochs fyn ik alle dagen, de frede fan ‘e jûn.

Ik hoech net mei te rinnen waanwizens efternei.
Ik ha genôch oan sinne en leafde op myn wei.
Ik ha genôch oan sinne en leafde op myn wei.

Ik sil gjin skûlplak bouwe op wolken of op sân.
Ik libje fan fertrouwen, mei ûnder my in hân.
Ik libje fan fertrouwen, mei ûnder my in hân!