• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Draai de kaai noch ien slach om

Ik soe dy sa graach treaste wolle
mei de wurden fan myn liet.
Wat er omgiet yn dyn holle
is in draaikolk fan fertriet.

Skûlest efter dyn gerdinen,
alles giet oan dy foarby.
Om in wei nei dy te finen,
sjong ik sêft in liet foar dy:

Doch dyn doar in bytsje iepen
ast it goed fynst dat ik kom.
Lit dyn soargen efkes sliepe –
draai de kaai ..... noch ien slach om.

Wat wy op ús skouders drage,
liket soms te swier foar ús.
Mar der komme oare dagen,
want wy krije krêft nei krús!

Ienris sjochst dat fûgels fleane,
minsken hâlde noch fan dy.
As wy wer nei bûten geane
waait de wyn dyn tinzen frij.

Doch dyn doar in bytsje iepen
ast it goed fynst dat ik kom.
Lit dyn soargen efkes sliepe –
draai de kaai... noch ien slach om.
Doch dyn doar in bytsje iepen
ast it goed fynst dat ik kom.
Komst net fierder troch te sliepen –
draai de kaai.... noch ien slach om,
noch ien slach om....