• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De wrâld is as in mem

Ik hearde dizze melodij,
se gong earst mei de wyn foarby,
mar kaam werom as fûgellieten,
doe’t wy fan ‘t simmer bûten sieten.
Wy dreamden troch dit liet dat wy
it hôf fan Eden nea ferlieten.

Us eagen waarden samar wiet
fan swiet gelok, net fan fertriet.
We lieten ús as boaten driuwe.
Jûns woe de moanne by ús bliuwe
en song mei ús hiel sêft dit liet,
as woe se ek de leafde priuwe!

De wrâld is as in mem foar ús,
wy komme yn har wenning thús.
Se slacht har earmen om ús hinne
en is sa bliid dat wy der binne.
De wrâld is as in mem, de wrâld is as in mem....foar ús.

Wêr kamen dizze wurden wei?
Se namen siel en herte mei,
wylst lâns de himel stjerren gongen
en drippen dau oan gerzen hongen.
De nacht waard stadichoan wer dei
en wy en alle stjerrenp songen:

Al binne soms de nachten lang,
wy sjonge en binne net bang.
It liet wol op ’e winen driuwe
en giet it hert yn om te bliuwen.
Dêr komt it wei as leafdessang
fan wat wy hoopj’ en wat wy leauwe: