• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De krêft leit yn dy

Wês goed foar de minsken, wês goed foar de wrâld.
Doch iepen dyn hert as in oar fan dy hâldt.
Wês bliid mei de sinne, dy ‘t skynt op dyn paad.
Mar bring ek wat ljocht by de minsken yn ‘t skaad.
Wês sterk as de stoarm en it ûnwaar begjint.
Gean mei as in minske troch de iensumheid rint.

En wês goed, wês gewoan altyd goed.
Hâld de moed, hald foar moarn altyd moed.
Tink mar rom en tink frij, want do witst:
de krêft... leit yn dy!

Wês helder en klear yn dyn dieden en wurd.
In lyts bytsje goedens groeit stadichoan grut.
Wês tankber foar alle talinten dy jûn.
En brûk se mar stopje se net yn ‘e grûn.
Wês neiste en freon foar wa ‘t komt op dyn wei.
En doch it noch hjoed by it ljocht fan ‘e dei!