• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De hjerst

De simmer pakt de koffers yn
en sil ús hjoed of moarn ferlitte.
Wy rinne wer troch waar en wyn
en geane no de hjerst temjitte.
De sinne sakket stadichoan,
de blêden krije waarme kleuren.
It ljocht seit moarns sa let ‘goemoarn’
ik rûk yn ‘t bosk......alle drôve geuren.

De waarme wyn komt net werom,
in protte fûgels moatte wy misse.
Wy sjogge nei de lêste blom,
‘t blêd falt as in groetenisse.
En stil seit mem natoer: ‘farwol
wy tankje dy foar alle lange dagen.’
De simmer glimket leafdefol,
want wol it libben....sa graach drage!

De hjerst is moai, de hjerst is goed,
ús libben kin net sûnder.
Wy sjogge moarn, wy fiele hjoed,
de hjerst sil komme…as in wûnder.

Wy dogge wer de jassen oan
en klaaie ús tsjin kjeld en wetter.
Straks is ‘t waar wer hiel gewoan,
it went, wy witte dan net better.
It jier moat no wer troch de hjerst,
mei westewyn en lege sinne.
It hat in moaie simmer west,
dêr ‘t wy nog lang – op tarre kinne.