• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De gouden boat

Hjir stean ik nei in lange reis allinnich op it strân.
Myn libben lang wie ‘k ûnderweis, in frjemdling sûnder lân.
Mar do, myn leafste, wiest myn freon, myn thús, myn doel en wei.
Ik ha dyn swiete leafde preaun, do wiest myn nacht en dei.

No wachtsj’ ik op ‘e gouden boat, dy’t yn ‘e fierte leit.
De fearman is myn reisgenoat, dy’t wolkom tsjin my seit.
Ja, ‘k wachtsje op ‘e gouden boat, dy’t yn ‘e fierte leit.
Ik gean mei skriemend hert oan board, fan tiid… nei ivichheid.

It is as ha ‘k dy juster fûn, ik woe dy nea wer kwyt.
En fan ús earste moaie jûn ha ‘k hjoed ek noch gjin spyt.
Ik bin in swalker sûnder dy, do wiest myn grut gelok.
Mar no giet alles wer foarby, de seine waard in flok.

Farwol myn leaf, farwol myn wrâld, ik sil dy nea wer sjen.
Mar sûnder dy wie ’t libben kâld en hie ‘k mysels ferlern.
Ik wie in frjemdling sûnder lân, mar do joechst my in doel.
Hjir stean ik op it lêste strân, ik tink oan dy en gûl…
ik tink… oan dy… en gûl!