• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Asto mar leaust yn my

Asto mar leaust yn my, asto mar bliuwst by my,
dan is it lok net fier en wat ik draach net swier:
asto mar leaust yn my!
Dan hoecht de sinne net te skinen, om ljocht en kleur en fleur te finen.
Dan is de hiele wrâld myn thús en alle dagen binn' fan ús:
asto mar leaust yn my!

Asto mar bist by my en alles witst fan my,
dan libje ik in dream, bin sterker as in beam:
asto mar bist by my!
Dan kin fertriet myn siel net reitsje, om jild en oansjen moat ik laitsje.
Dan fart myn boat dyn haven yn, by stoarm en rein en sinneskyn:
asto mar bist by my!

Ik kin it libben oan as ik dy eltse moarn
op bêd wer neist my sjoch - do sliepst noch efkes troch...

Sa ticht by dy mei 'k warleas wêze, wat yn myn hert stiet, meisto lêze.
Sa waarm by dy is alles goed. Dyn leafde jout my treast en moed:
ik kin it libben oan...
Sa waarm by dy is alles goed. Dyn leafde jout my treast en moed:
asto mar leaust yn my..., asto mar bliuwst by my...., asto mar hâldst fan my!