• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Stille nacht

Stille nacht, hillige nacht,
kom yn glâns, kom mei macht;
nim oer d' ieuwen yn dreamen ús mei,
doe't in Bern yn 'e earmoede lei
fan in skuldige wrâld, fan in skuldige wrâld.

Stille nacht, hillige nacht,
hoeders, hâld trou de wacht.
Sjoch de krêbe, de doeken, it strie.
Sjoch ús Hear, dy't gjin herberge hie,
yn in skeamele stâl, yn in skeamele stâl.

Stille nacht, hillige nacht,
hillich Bern, kom mei macht.
Ingels, sjong dan heech en hoar
oan ús hert de frede foar
fan de hillige nacht,
fan de hillige (fan de hillige), fan de hillige nacht.