• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Dêrjinsen yn it bûthús

Dêrjinsen yn 't bûthús, sa dûnker en kâld,
kaam ienris de lytse Hear Jezus te wrâld.
Dêr skynde in stjerre, sa wûnder en rea.
De lytse Hear Jezus moast sliepe yn 't hea.

Stil leine de bisten en kôgen wat griens,
en lytse Hear Jezus, hy skriemde net iens.
O leave Hear Jezus sjoch my ek ris oan,
en bliuw my neiby oant de daagjende moarn.

Bliuw by my, Hear Jezus, ferlit my dochs net,
bliuw altyd deun by my en hear myn gebed.
En noegje alle bern, dy't om 't krêbke no stean,
om ienkear mei Jo nei de himel te gean.