• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Stypje

De wrâld om ús hinne feroaret yn oarloch.
De loften fersmoargje, hoe lang bliuwt it noch sa?
Noch hieltyd bin der lannen weryn minsken ferstjerre
fan honger as sykte, wêr gean we nei ta?

Lústerje mar nei dyn hert.
Witst wol dat it better kin.
Elts lyts bytsje datsto stypje kinst,
dêr is grif wer in minske mei ret,
in neiste mei ret.

Kinst noch langer yn dizze wrâld
oansjen hoe’t it einliks net moat.
Jou dan dyn stipe oan de minsken dy’t geane
nei in lân dat in soad soargen hat.

Bid foar de neisten yn fiere lannen,
mar ferjit se om dy hinne net.
Leau yn de Hear en fertrou dat it goed komt.
Hy hat dochs de lêste set!