• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Krekt as Jo

Ik wol mear witte fan Jezus.
Ik wol mear fan Syn leafde sjen.
Ik wol Syn Geast graach yn my fiele
en fan Syn frede as‘t tiden rûch binn’.

Ik wol graach witte wat ik foar Him dwaan moat
wylst wy wachtsje op Syn komst werom.
Ik wol de âlde dingen ferjitte
en leare oer Syn Hillichdom.

O, Jezus, woll’ Jo ús liede
hoe de dingen te sizzen en dwaan.
’t Is net maklik foar ús te libjen as Jo:
Minder nimme, mear jaan, nimme en jaan.
Net mear nimme, mar jaan, krekt as Jo.

As’t wy no lêze oer Jo en de duvel
en hoe’t jo wierheid syn leagens oerwûn.
Hoe ferskaat as yn ’t alderearste begjin
doe’t wy gokten en kwea ûnderfûnen.

O mar no mei ik hjir neist Jo rinne
fan no ôf en de kommende tiid.
En wylst de duvel ús hert wol bin ik net mear bang
want de Geast makket myn libben bliid.