• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

In Glim fan Jo

Mei swiere lêst it libben troch.
’t Is in gefjocht, wat ik ek doch.
Jou my hâldfêst wat my helpt op wei
en jou dat ek myn neisten mei.

De iene giet it foar de wyn,
mar dêrop staar ik my net blyn.
Ik skôgje my dy blydskip oan
en nim dy mei nei d’ oare moarn.

Kom ik dy glim fan blierens tsjin
dan tink ik: ’t Giet noch net sa min
en tankje God foar wat ik ha.
Syn leafde krij ik der op ta.

Dêrom ûntfang dan ek fan my
de leafde dy’t ik fan jim krij.
Dat jout ús krêft yn dizze wrâld
en witte dat Hy fan ús hâldt.