• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Hâldfêst

Asto iensum bist en drôvich, fielst dy by gjinien mear thús,
kinst dyn paad net goed mear fine, fielsto op dyn rêch dyn krús.
As de dagen swierder wurde en do kinst it net mear oan,
sis dan net datst dy dan delleist, want dêr rikt nei dy in Hân:

Gryp dy Hân mei al dyn krêften dy’t noch yn dyn libben rêst’.
By de Heare kinst it fine; Hy rint mei dy yn dyn lêst.

Wurdt it mei de jierren dreger, wurdt it wurk dy faaks te swier.
Tinkst al dat dyn reis hjir eind’get, mar miskien is ’t net sa fier.
Fyn dyn krêft by Him dy’t libbet en dy’t dy ek libben jout.
Moatst wol witte dat Syn Hân der altyd is foar dy’t fertrout.

Gryp dy Hân mei al dyn krêften dy’t noch yn dyn libben rêst’.
By de Heare kinst it fine; Hy rint mei dy yn dyn lêst.

Yn it libben mei de Heare fynsto krêft foar eltse dei.
Hy jout hâldfêst, alle dagen, dat krijst yn dit libben mei.