• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Feroarje

Ik sis dy, it is net mak’lik,
om net mei te gean yn dizze wrâld.
Mar doch dyn bêst, do fynst dyn paad wol.
Lit dy mar liede troch Him – dy’t dy fêsthâldt.

Lústerje djip nei dyn siel,
meitsje dyn libben nij.
Untdek wat God graach fan dy wol,
dan wurdt it goed – it âlde libben is foarby.

Tinksto datsto bliuwe kinst
sa asto altyd wiest.
Giesto mei yn ’t deistich gean
oant datst dysels ferliest.

Negativiteit, ban it út dyn libben.
Tink mar posityf, dan silsto sjen.
Alles wurdt better, begjin by dysels.
In oar nimt it wol oer – do bist net sa min…

Mar lústerje djip nei dyn siel,
meitsje dyn libben nij.
Untdek wat God graach fan dy wol,
dan wurdt it goed – it âlde libben is foarby.