• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Wêr bisto

Wêr is de sinne, wêr is it ljocht, wêr is it bleaun.
Wêr is de moanne, wêr binn’ de stjerren hinne dreaun.
Wêr bist do, wêr bist do.

Wêr is de tiid doe’t oeren as minuten wienen mei dy.
Wêr is de nacht doe’t leafd’ en waarmte ‘n treast wienen foar my.
Wêr bist do, wêr bist do.

Wêr binne d’ eagen dy’t my sa faak mei leafde oansjoen ha.
Wêr binn’ de earmen dy ropten my altyd in wolkom ta.
Wêr bist do, wêr bist do.
Wêr bist do, wêr bist do.