• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Tegearre

Doe’t ik dy seach, seach ‘k yn dyn eagen
In ljocht dat baarnde fanút dyn siel
Do rekkest my djip yn myn hert
En wy fûnen elkoar; wie dat no leafde
Ik seach nei dy en do glimkeste
En spriekst tsjin my oer neat
En ik fielde dat dit it wie
Wêr ‘t ik al lang, sa lang op wachtte hie

‘k Learde dy kinnen, do wiest wol oars
Allegear dingen barden yn dy tiid
Soms wienen dy moai, soms hurd om hurd
Mar praatten we ‘t út, dan waard it wol wêr goed
Dan seach ‘k nei dy en do glimkeste
En spriekst tsjin my oer neat
En ik fielde dat dit it wie
Wêr ‘t ik al lang, sa lang op wachtte hie

Tiden fan fjochtsjen, tiden fan leafde
Alles makken wy tegearre troch
Dingen bleaunen en dingen fergeaten we
En nije plannen makken we toch
En ik seach nei dy en do glimkeste
En spriekst tsjin my oer neat
En ik fielde dat dit it wie
Wêr ‘t ik al lang, sa lang op wachtte hie

No stean we hjir en sille trouwe
Eltsenien is der oertsjûge fan
It wachtsjen is op ‘e tiid dy’t komt
In tiid fan bliidskip en fan rouwen
En do sjochst nei my en ik glimkje ek
En praat tsjin dy oer neat
We fiele dan dat dit it is
Wêr ‘t wy al lang, sa lang op wachtte hien’