• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Mûntsjetille

't Spoeket op Spoektille
Mûntsen ha dêr wille
dêr op Mûntsjetille
bliuw nachts út 'e wei

Justerjûn, it rûn tsjin tolven
'koe gjin hân foar d' eagen sjen
'k bin oars net gau bang yn 't tsjuster
mar de nacht liek min
Oeral seach ik spoeken fleanen
leafst gie ik hurd op 'e rin

Dêr bij Winsum op 'e tille
is eartiids in keapman ferstoan
trije mûntsen ha him deade
hiel betiid yn 'e moarn
Protte toarst en krapt' oan bûsjild
Wat mear jild liek harren skoan

Nimmen wit wat dêr doe bard is
yn dy nacht fan spoekerij
Dêr bin doe de dea yn lutsen
dy trije mannen yn 'e pij
Sûn't dy tiid is Mûntsjetille
nachts net feilich mear foar mij.