• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

It skûtsje

Mei dyn seilen as dyn wjukken
oer it wetter gean
dan wer stjoerboard, dan wer bakboard
as de wyn bliuwt stean

It is in skûtsje, in machtich skûtsje
yn petear mei wyn en wetter

Mei it sintsje op 'e weagen
en in bêste wyn
sa't de fûgels oer ús fleagen
sa giet it skip foaryn

Op de marren wurdt wer striden
en der giet it om
it bin sokke moaie tiden
it komt elts jier werom