• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Hjerst

Blêden driuwe op ‘e luchtstream, de wyn docht syn sin mei hja,
guozzen wjokj’ yn rjochte line gau nei de waarmte ta,
beammen bûge foar de wyn, se witt’ wa’t har master is,
greiden tsjûgje wrydsk en keal fan ‘n lyts bytsje drôfenis.

Hjerst is wer yn ’t Fryske lân, de simmerlûden bin’ ferstoarn,
rein en wyn gean hân yn hân mar ‘t fjurke baarnt.
We sill’ ‘t mar oer ús komme litte, de snieman sil ús net ferjitte,
de maityd komt ús wol temjitte as ‘t iis wer raant.

Kij sykje lijte byinoar; wannear soen’ se nei stâl ta gean,
wolken driuwe oer ús hinne op wei nei in wiet bestean,
‘t wetter weachet yn ‘e sleat salang as ‘t noch duorje kin,
de hikke stiet dêr op ‘e daam stram foar him út te sjen.