• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Goud en sulver

Goud en sulver binne de kleuren
hjerst is sêft of tige rûch
ja en nee sizze syn eagen
myn’ binn’ net sa faak mear droech

Hjerst ferdwynt, winter komt oan
de sinne makket it net mear let
‘k wol him ferlitte en fierder sykje
‘k moat sjonge út myn wiere hert

Rûn en rûn de baarnende sirkel
al de seizoenen riuwe oanien
hjerst ferdwynt mei de winter
maitiid ‘s berne en simmer ’s gien

Goud en sulver ferbaarne myn hjersten
dizich gean s’ en binne stoarn
en dan … binn’ der noch oaren
maitiid of winter yn ‘e moarn