• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Flechtling

Sjoch ik sa om my hinne, dan is de wrâld fol noed
Hoe’t minsken wêze kinne, ‘t is faker kwea dan goed
Se witte faaks net better dan dat it by it libben heart
en der eltse koarte tiid wêr in neiste stjert

Do sliepst ûnder de stjerren, dyn jas krijt dy net waarm
O, wiest noch mar tegearre, dat hjir in ein oan kaam

Kinst dyn hûs net mear ynrinne
Bist dyn famylje kwyt
Mar do leauwst hiel djip fan binnen
dat it letter better giet

In dûnk're tiid hast efter dy, der wie gjin takomst mear
Begjinst dyn libben op ‘e nij; dyn herte docht noch sear

Besikest dy hjir thús te fielen
Dat sil net al te maklik gean
Mar troch it leed te dielen
sil wy ek dy ferstean

Kinst dyn hûs net mear ynrinne
Bist by dyn famylje wei
Mar do hopest djip fan binnen
dat Ljocht wêr komme mei
Kinst dyn hûs net mear ynrinne
Krijst in nij ûnwis bestean
Mar de leafde djip fan binnen
sil nea út dyn herte gean