• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

Ferbjustere

Yn it tsjuster dwaal ik rûn yn waar en wyn
‘k ha gjin plak dêr ‘t ik skûlje kin.
Yn it fleantúch oankaam justerjoun
yn in wrâld dêr ‘t ‘k net wolkom bin.

Ik gean sitten op in bankje yn it park
mei myn tas sa njonken my.
‘k Bin in swalker ‘k ha gjin hûs en hiem
útskot fan de maatskippij.

Frjemde skaden folgje my út in ferline
dêr ‘t ik net fan fertelle kin.
“t Is sa pynlik, ‘k wol it sels net witte
myn bestean is in fersin.

Is it echt wier of mar in dream
kin in minske sa ferslein
dwale oer in wrâld sa kil en kâld
sa ferlen sa sûnder ein