• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De nacht

Yn 'e fierte hear ik soldatelearzen stampen.
De oarloch, it hat my yn 'e macht.
It lûd komt al neier, de driging almar greatter,
der is gjin skûlplak yn 'e nacht.

'k Bin net bang, 'k bin net bang foar de nacht.
'k Bin net bang, net bang foar de nacht.
't Wurdt wer ljocht yn 'e moarn, 't wurdt wer ljocht
Doch no it ljocht mar oan.

De minsken om my hinne sykje om in útwei
Soldaten twingje har om mei.
En op it stasjon stean weinen ree ta riden
as fee byienpakt nacht en dei.

Stikeltried en triennen, in wisse dea temjitte,
de oarloch, it hat har yn 'e macht.
En ik slûp hastich fierder en wol it leafst ferjitte
it ûnrjocht, de sucht as stille kracht.

Yn 'e fierte hear ik in minskestimme roppen.
In needgjalp, in rop om help fan my.
It lûd berikt myn earen, de twivel fan alear
de nacht is lang noch net foarby.