• Homepage slides 01
  • Homepage slides 02
  • Homepage slideshow 03

De lyntsjesnijers

Wier ik bin in lyntsjesnijer, myn widze stie yn Tsjom
al mei ‘k dy namme net lije, ‘t komt hieltyd werom
't Is de skuld fan frou Saske, sy wie de mastersfrou
jierren lyn kriich hja de skjirre, Aldeboarn, gean gau.

Op in dei yn Aldeboarn siet Pibe by Gabe yn hûs
‘t Praat gie oer de bou fan tsjerke, jild foar stiennen by de rûs
Mar, och hea, hoe heech moast er wurde, d’ alderheechste fan ‘t Fryske lân
dan mar earst nei Tsjom ôfreizgje mei hûndert meter tou yn ‘e hân

Bij goekunde master Schelte kamen hja en hellen de kaai
Tuorkemjitte is in keunst en ‘t foel al hielendal net mei
d’ Iene stie boppe, d’ oare ûnder,‘t tou nei omleech en skjirre der yn
gau it tou wer yn ‘e bûse, ‘t gie harren dochs wol foar de wyn

Noch in slokje thús by master, drok wienen hja yn petear
dit wie Saske’s kâns en knipte fan it tou in el of mear
Nea ha de Tsjommers mear wat fernommen fan dat Alderboarnster stel
ja, de toer is der wol kommen, in stikje koarter, dêr komt it op del.